Kompetysje runde trije
En as je dan op it fjild komme dan stean der ek noch Jenny, Amarins en Jurjen. Dan kinne jo al kompetysje lieder jo gelok net op. It moaste fan it keatsen is ommers dat der minsken op it fjild binne en dat jong en âld mei inoar keatse kin. Fiif perken wurden der lein en dat giet ek mei help fan Jasper Visser wie dat sa mar klear ek al om’t we gebrûk meitsje koene fan de kuorbalfjilden. Der waard in fjouwer perken keatst. De jeugd keatste tsjin mekoar mei Jenny, Brecht en Jurjen tsjin Amarins, Wisse en Klaas (van der Veen). De partij wie net in lykwicht sjoen de einstân 5-2, 6-4. In it oanlizzende perk namen Jan Dik, Jouke en Klaas (de Jong) it op tsjin Meinte, Reinder en Jelmer. Meinte en Reinder skreaunen op harren earste kompetysje optreden fuort en daliks mar sân earsten en harren maat Jelmer wie der tige wiis mei (4-5, 4-6). Halbe en Jente Wybren moasten it opnimme tsjin Hans en Sissel. De partij wy moai in lykwicht. Om en om nammen se de lieding fan mekoar oer. Nei de stân 3-3 kaam der op it lêste earst nei, elke kear 6-6 op de telegraaf mar it spul kantele in it foardiel fan Halbe en Jente.(5-3, 6-2) Jehannes keatste mei Jelle tsjin Jasper , Lieuwe en Jurriaan. Ek dizze partij wie in lykwicht en waard pas in it lest beslist (5-5, 6-2) We freegje ús wol of as it fleanferkear boppe Mantgum wat lest hân hat fan loftsekken want der waard aardich “in de loft slein” in dizze partij.
Geplaatst op 14 May 2011